Us heit kaam fan ‘e Jutryp, ús mem fan ‘e legeaën. Pake Nauta liet yn 1926 in pleats sette op ‘e Top yn Toppenhúzen. Yn it doarp hjitte dy pleats al gau ‘De Wanhoop’: der wie eat bard mei in meiebeam en in slokje dat pake út sunigens net oan ‘e arbeiders taskikt waard. It soe wier wêze kinne. Ik leau net dat der hjoed de dei noch folle binne dy’t dêr oan tinke as se sjogge hoe’t it pleatske yn ‘e jierren wei wurden is tusken de skreauwerich grutte loadsen fan allerhande wettersportbedriuwen. Ik bin berne en opgroeid op ‘e Wanhoop, mar fan my hiene se it tritich jier lyn wol platskowe mochten.

Us mem wie Lys, fan Thys en Geartsje Hoekstra. Se wenne op ‘e pôle by de wite brêge, oan it begjin fan ‘e Noardein. De genealogy fan de Nauta’s him lêze lit as in gearfetting fan ‘Stiefmoeder Aarde’ mei nammen as Tiberias, Haring en Martinus. Boeregrutskens sprekt der út: hynders, pleatsen rûnom en lâneignerskip. Der koene de Hoekstra’s net rjocht tsjinop. Pake Thys wie in komelker en besocht mei frou en bern trochy de tiid te skarreljen, en dat ûnderskied hat heit net neilitten oan ús mei te jaan. Net alhiel terjochte: doe’t ús heit yn 1973 ophold mei buorkjen en fabryksarbeider waard, binne alle tretjin kei ferkocht oan in boer yn ‘e Bloksleatpolder, by de Jouwer. De pleats en it lân waarden al lang pachten, grûn wie al hiel lang net mear yn eigendom fan ‘e  famylje, op seis kante meter reitlân nei, sa’t ik letter útfûn. De ruilferkaveling siet deroan te kommen en fan molkequota hie noch net ien heard. Op in jûn yn septimber binne de swartbûnte famkes yn ‘e féweinen ferdwûn en net allinne de famkes, mar dat realisearre ik my pas goed fjirtich jier letter.

En no bin ik boeresoan-skoalmaster: it is goed om jo dat sa no en dan wer ris te betinken. Ik haw deselde oerstek makke dy’t safolle Friezen foar myn tiid al makke hawwe doe’t de boerestân begûn te wiken. Us heit wie de âldste thús, ik de jongste, mar jo moatte âlder wurde om te betinken dat er tusken him en my folle minder yn it paad stiet as dat ik yn myn bluisterige jierren altyd tocht haw. Ik beskôgje dat as drôfstimmende wiisheid dy’t mei de jierren komt: ‘en ook weemoedigheid, die niemand kan verklaren en die des avonds komt, wanneer men slapen gaat’.

En ik bin heit, en skriuwer. Heit fan de famkes dy’t mem sa graach wollen hie, en skriuwer fan … Wa’t it wit mei it sizze, mar tusken alle lollichdwaanderij en opskepperij troch, bin ik bang dat ik neat oars bin as de kronikeur fan myn eigen weemoed, deselde weemoed as dy fan Martinus, fan Lys, fan Thys, fan Tiberias, fan Wytse, fan Geartsje, fan Jan, fan Haring. Mei ien ferskil: ik skriuw it op. Lit my …