Twa ferhalen en trije gedichten winners fan Rely Jorritsmapriis 2019

LC 23 juli

Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard.

It giet om de ferhalen Ik doch it foar dy fan Elmar Kuiper út Jorwert en Kimboeëwij fan Geert Nauta út Wergea. De winnende gedichten binne Sleau mei lok fan Jetske Bilker (Achlum), Wy kinne… fan Henk Nijp (Mantgum) en Ik miende fan Remco Kuiper (Goutum).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 81 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga.

De prizen fan 1000 euro elk wurde op sneon 5 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.